thumb| Flagge fan Hinnaard De flagge fan Hinnaard is de flagge fan it doarp Hinnaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Trije lingtebanen wyt, read en wyt; in blauwe trijehoek, nei de broekside ferlinge mei 1/6 flaggelingte en de top op it midden fan de flagge; belein oan de broekside mei twa giele seispuntige stjerren fan 3/10 flaggehichte en in lizzende wite rút yn de punt fan de trijehoek fan 4/15 flaggelingte.

De kleuren komme út it wapen fan Hinnaard.

Symbolyk

Broekingstrijehoek: ferwiist nei de oarsprong fan de namme "Hinnaard", werom te bringen as "Hernwert". Dit betsjut soksawat as hoeketerp, wat ferbylde wurdt troch de broekingstrijehoek. Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Hinnaarderadiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Ek komme de kleuren út de wapens fan de famyljes Sassinga en Roorda dy't de Sassingastate by it doarp bewenne. Rút: ferwiist nei it rjochthûs dat yn it doarp stien hat. Stjerren: ferwize nei de liedende funksje fan it doarp. Ek komme de stjerren foar yn it wapen fan de famylje Sassinga. Reade baan: ferbyldet de bebouwing fan it doarp en de dyk dy't troch it doarp rint.

Sjoch ek

Hinnaard Kategory:Hinnaard